In Iersk gesant oan it hof fan Karel de Keale fan West-Fransoanje meldt dat der yn Ierlân súksessen boekt wurde tsjin de Wytsingen
Om dizze tiid hinne berikt de Boeroeboedoer op Java einlik syn foltôging. De Sailendra foarsten dy't it Mahayana-boeddhisme oanhingje, behearse net allinnich Java mar ek dielen fan Sumatra en Kambodja
Pippyn dy't de troan fan Akwitaanje opeasket docht net folle tsjin de Wytsingoanfal en dit jout Karel de Keale de gelegenheid him mei de polityk fan it foarstendom te bemoeien. Hy wit in oantal Wytsingskippen te sink te bringen.
Bordeaux falt yn hannen fan de Wytsinglieder Asgeir. De joaden fan de stêd helpe him dêrby.
Karel de Keale makket gebrûk fan it gesichtsferlies fan Pippyn en lit him ta kening fan Akwitaanje kroane.