De Byzantinen falle de Frankyske haven Comacchio, súdlik fan Feneetsje oan de destiidske Po-mûning, oan, mar wurde weromslein.
Karel de Grutte stjoert syn soan Karel nei de Deenske grins om syn bedrige bûnsmaten de Arbodriten by te stean. De Frankyske prins lûkt lykwols leaver yn it Baltyske gebiet op tsjin minder duchtige tsjinstanners.
Yn Frankysk-Deenske fredeskonferinsje yn Beidenfleth oan de Stör laat ta bettere betrekkingen. De Abodritenfoarst Drosuk soe troch de Denen frijlitten wurde, mar wurdt úteinlik fermoarde.