Keizer Konstantyn VI fan it East-Romeinske Ryk docht wat hy kin om de macht fan syn oerhearskjende mem Irene te beheinen, mar hjirtroch boetet hy yn oan populariteit.
Frankfurt wurdt fermelden yn in dokumint fan Karel de Grutte.
Karel de Grutte twingt Tassilo III fan Beieren foar de Rie fan Frankfort te ferskinen en dêr offisjeel ôfstân te dwaan fan syn oanspraken op de Beierske troan.
De oarloch yn Saksen nimt hieltiten grimmitiger foarmen oan. De Franken rjochtsje grutte ferwoastingen oan.