De Langobarden hawwe no in grut diel fan Itaalje yn hannen, besteande út hast it hiele noarden en de gebieten yn de Apenninen dy't letter de hartochdommen Spoleto en Bevenento wurde sille. Rome, Ravenna en Napels bliuwe yn Byzantynske hannen. Dit is it begjin fan in lange perioade wêryn it lân dield wurdt troch Byzantinen en Langobarden.
De Byzantinen gean in bûnsgenoatskip oan mei de Turken tsjin it Perzyske Ryk dat oant 591 stânhâlde sil.