Keizer Gratianus freget Ambrosius syn De fide ad Gratianum Augustum oan te foljen mei de ortodokse fyzje op de Hillige Geast.
Nei hast 70 jier op de troan stjert Shah Shapur II fan it Perzyske Ryk. No't dizze ûnfersoenlike fijân fan de Romeinen der net mear is en syn opfolging -lykas wenst- ta ûnienigens liedet, sjocht it der wat better út foar it Romeinske Ryk.
Ardashir II folget op as kening fan de Sassaniden en it ryk giet in perioade fan ûnwissems en swakte temjitte.