Keizer Septimius Severus doopt syn âldste soan om ta "Markus Aurelius Antoninus" (letter better bekend by syn bynamme "Karakalla") en ropt him út ta Caesar ynstee fan Klodius Albinus. Dizze wurdt troch syn legioenen yn Britannia en Gallia ta keizer útroppen en troch de Romeinske senaat ta steatsfijân ferklearre.