24 desimber - By in swiere noardwesterstoarm ûntstean jûns oerstreamings yn ûnder oaren Noard-Nederlân. Hiel noardlik Grinslân strûpt derûnder en sels yn 'e stêd Grins stiet tsientallen sintimeters wetter. Yn Delfsyl brekt it westlik diel fan de wâl troch en rinne huzen, it fort en de tsjerke ûnder. Der binne tsientallen slachtoffers. Ek tûzenen kij, hynders, bargen en skiep fersûpe. Dit barren komt bekend te stean as de Krystfloed.
sûnder datum - Yn Grut-Brittanje wurdt ûnder lieding fan Isaac Newton de lêste hand lein oan in herfoarming fan it muntstelsel; de facto wurdt de gouden standert ynfierd trochdat der in ferbân fêstlein wurdt tusken de gouden munten en de sulverenskelling.